mozilla

Mozilla Nederland LogoDe Nederlandse
Mozilla-gemeenschap

Yntroduksje

It ynternet wurdt hieltyd mear in belangryk diel fan ús libben.

It Mozilla-projekt is in wrâldwide mienskip fan minsken dy't leauwe dat iepenheid ynnovaasje, en gelegenheid de kaai binne foar de bliuwende sûnens fan it Ynternet. Wy hawwe gearwurke sûnt 1998 om der wis fan te wêzen dat it Ynternet ûntwikkele is op in manier dy't foar elkenien syn foardiel opleveret. Wy binne it meast bekend fan it meitsjen fan de Mozilla Firefox websneuper.

It Mozilla-projekt brûkt in op in mienskip basearre wurkwize om iepen-boarne software fan wrâldklasse te meitsjen en nije typen fan gearwurkingsaktiviteiten te ûntwikkeljen. Wy kreëarje mienskippen fan minsken dy't belutsen binne om it belibben fan it ynternet foar elkenien te ferbetterjen.

As resultaat fan dy ynspannings, hawwe wy in oantal prinsipes distillearre dêr't wy fan tinke dat se fan belang binne foar it Ynternet om oanhâldend te profitearjen fan it publike goud en ek de kommersjele aspekten fan it libben. Wy lizze de prinsipes hjirûnder út.

De doelen foar it manifest binne om:

  1. in fyzje út te sprekken foar it Ynternet wat Mozilla dielnimmers wolle dat de Mozilla Foundation neistribbet;
  2. mei minsken prate oft se no al of net in technyske achtergrûn hawwe;
  3. Mozilla-meiwurkers grutsk meitsje op wat wy dogge en ús motivearje om troch te gean; en
  4. in ramtwurk meitsje foar oare minsken om dy fyzje op it Ynternet te fersprieden.

Dizze prinsipes sille net fansels ta libben komme. Der binne minsken nedich om it Ynternet iepen en meiwurkjend te meitsjen - minsken dy't yndividueel operearje, gearwurkje yn groepen en oaren begeliede. De Mozilla Foundation is der op begien om de prinsipes út it Mozilla Manifesto út te dragen. Wy noegje oaren út om mei te dwaan en it Ynternet foar elkenien in better plak te meitsjen.

Prinsipes

  1. It Ynternet is in yntegraal part fan it moderne libben – in kaaikomponint yn oplieding, kommunikaasje, gearwurking, hannel, ferdivedaasje en de maatskippij as gehiel.
  2. It Ynternet is in wrâldwide publike helpboarne dy´t iepen en tagonklik bliuwe moat.
  3. It Ynternet moat it libben fan yndividuele minsken ferrykje.
  4. De feilichheid op it Ynternet fan elkenien is fûneminteel en kin net behannele wurde as bysaak.
  5. Elkenien moat de mooglikheid hawwe om syn eigen erfarings fan it Ynternet foarm te jaan.
  6. De útwurking fan it Ynternet as in publike helpboarne is ôfhinklik fan ynteroperabiliteit (protokollen, dataformaten, ynhâld), ynnovaasje en desintralisearre wrâldwide gearwurking.
  7. Frije en iepen-boarne software befoarderet de ûntwikkeling fan it Ynternet as in publike helpboarne.
  8. Transparante op de mienskip basearre prosessen befoarderje gearwurking, ferantwurdlikheid, en fertrouwen.
  9. Kommersjele bemuoienis yn de ûntwikkeling fan it Ynternet bringt in protte foardielen; in balâns tusken kommersjele doelen en publyk foardiel is fan belang.
  10. It klam-jaan fan it publike foardiel fan aspekten fan it Ynternet is in belangryk part, de tiid, oandacht en tawijing wurdich.

It Mozilla manifest útdrage

Der binne in hiele protte manieren om de prinsipes fan it Mozilla Manifesto út te dragen. Wy ferwolkomje in breed oanbod fan aktiviteiten en ferwachtsje deselde kreativiteit dy´t Mozilla meiwurkers al toand hawwe yn oare ûnderdielen fan it projekt. Minsken dy't net hiel bot by it Mozilla-projekt belutsen binne, kinne it Manifesto stypje op in fûnemintele en tige effektive wize troch Mozilla Firefox en oare produkten dy't de prinsipes fan it Manifesto stal jouwe te brûken.

De belofte fan de Mozilla Foundation

De Mozilla Foundation belooft om it Mozilla Manifesto te stypjen yn syn aktiviteiten. Spesifyk sille wy:

  • iepenboarnetechnology meitsje en mienskippen ynskeakelje dy´t de Manifestoprinsipes stypje;
  • prachtige konsuminteprodukten meitsje en oanbiede dy´t de Manifestoprinsipes stypje;
  • de Mozilla middels brûke (yntellektueel eigendom lykas kopyrjochten en hannelsmerken, ynfrastruktuer, fûnsen, en reputaasje) om te soargjen dat it Ynternet in iepen platfoarm bliuwt);
  • modellen befoarderje foar it meitsjen fan ekonomyske wearde foar publyk foardiel; en
  • de Mozilla Manifestoprinsipes befoarderje yn publike petearen en yn de ynternetyndustry.

Guon Foundation aktiviteiten – op dit stuit binne dat it meitsjen, oanbieden en de promoasje fan konsuminteprodukten – wurde primêr begelaat troch de Mozilla Foundation syn eigen dochterûndernimming, de Mozilla Corporation.

Utnoeging

De Mozilla Foundation noeget elkenien dy´t de prinsipes fan it Mozilla Manifesto stipet út om mei ús mei te dwaan en om nije manieren te finen om dizze fyzje op it Ynternet wurklikheid te meitsjen.

Oersetting makke troch Wim Benes