mozilla

Mozilla Nederland LogoDe Nederlandse
Mozilla-gemeenschap

Wat is mozilla-nl?

Mozilla-nl soarget foar Nederlânske en Fryske ferzjes fan de programma’s makke troch de Mozilla Foundation of programma’s dy't op Mozilla basearre binne, lykas Nvu. Fia dit webstee is ynformaasje oer de ferskillende oersetprojekten te finen, ûnder oare wa't der ferantwurdlik is en hoe't der holpen wurde kin om de oersetting te ferbetterjen. Dêrneist is der fia dit webstee ek offisjele ynformaasje te finen.

Wat is it ferskil tusken MozBrowser en mozilla-nl?

MozBrowser.nl is in mienskipssite. Dit betsjut dat hjir foara oanbean wurde dêr't minsken oer Mozilla-software prate kinnen, bygelyks oer problemen dy't se hjirby tsjinkomme, en dat hjir Nederlânstalich Mozilla-nijs te lêzen is. Op MozBrowser wurdt ek oare ynformaasje oanbean, lykas in wiki wêryn ynformaasje oer Mozilla-software te finen is en de offisjele Nederlânstalige help foar Thunderbird.

Mozilla-nl rjochtet har foaral op offisjele ynformaasje dy't spesjaal foar Nederlân en Flaanderen is en dêrom net op Mozilla-Europe past. Dêrneist is foar elk produkt dat oerset wurdt in romte ynrjochte foar kontakt en it melden fan oersetflaters ensfh. Ek foar produkten as Sunbird en Nvu is op dit webstee fan mozilla-nl mear produktynformaasje te finen

Doel fan mozilla-nl

It Mozilla-projekt wol kar en ynnovaasje op it ynternet hanthavenje. Om dit te beriken, produsearret en jout it Mozilla-projekt in bekroande rige web- en e-mailtapassingen krekt as oare produkten en terminologyen, lykas Bugzilla.

De missy fan mozilla-nl is it Mozilla-projekt te stipjen troch oersetten en promoatsjen fan de iepen-boarne Mozilla-software, harren nevenprodukten en ferwante projekten binnen it Nederlânske en Fryske taalgebiet.

Motivaasje fan de Mozilla-meiwurkers

Elke Mozilla-meiwurker hat syn/har eigen redenen om tiid en enerzjy te stekken oan sa’n grut mienskiplik projekt. In pear fan de meast jûne antwurden:

  1. It jaan fan in folsleine ynternetsuite (webnavigaasje, e-mailprogramma, nijsgroeplêzer, chatprogramma) op ferskillende platfoarmen krekt as de oerienkommende lossteande tapassingen en har ûnderlizzende technologyen.
  2. Wille hawwe yn it learen en meihelpe oan it ymplementearjen fan de lêste standerts en technologyen lykas HTML, CSS, XML, XSLT, tegaar mei in groep fan briljante programmeurs stipe troch in libbene en effisjinte mienskip.
  3. De mooglikheid hawwe om diel te nimmen oan in wrâldwiid projekt dat kultueren, talen, kontininten en tiidssoanes oerbrêget.