mozilla

Mozilla Nederland LogoDe Nederlandse
Mozilla-gemeenschap

Dit is de begjinside fan de Fryske oersetting fan Firefox, Thunderbird mei Lightning, Sunbird, Mobile (Fennec) en Firefox OS. Firefox en Thunderbird kinne jo mei ien fan de keppelingen hjirûnder ynlade.

Der wurdt troch Mozilla altyd wurke om de feilichheid by de tagong ta it ynternte te ferbetterjen. Anti-phishing tsjin stellerij fan persoans- en bankgegevens is dêr ien fan. Troch de automatyske fernijingen is elkenien wis fan beskerming tsjin spyware en oare gefaren fan it ynternet.

Firefox en Thunderbird kinne mei saneamde Add-ons, lytse programmaatsjes, mei ferskate funksjonaliteiten, útwreide wurde. Sa kin de browser nei eigen idee ynsteld wurde foar bygelyks de blêdwizers, RSS-lêzers en wurdboeken foar de staveringshifker. In protte dêrfan binne ek yn it Frysk of kinne jo op fersyk oersetten krije.

Mei de ynboude sykmasinen yn Firefox, lykas dy fan Google, kinne daliks sykopdrachten jûn wurde.

Mear ynformaasje oer bygelyks de oersetting, Linux en MacOS X fine jo op it foarum fan: www.MozBrowser.nl Fragen en opmerkingen kinne jo pleatse op it foarum of stjoere nei: fryskefirefox at gmail.com.

Yn Firefox sit ek in staveringshifker ynboud. Dêrfoar moatte jo wurdlisten ynlade fanôf it Add-ons webstee fan Mozilla. It Fryske wurdboek kinne jo ynstallearje fanôf: addons.mozilla.org. De wurdlist kin ek brûkt wurde yn Thunderbird en .

Mei freonlike groetnis,
It Fryske oersettersteam.

Wolst ek e-maile yn it Frysk? Brûk dan Mozilla Thunderbird? De folslein oersette ferzje kinne jo ynlade fanôf Mozillamessaging. De byhearrende agindatafoeging kinne jo ynlade fanôf Mozilla Addons.

It (net mear fierder ûntwikkele) lossteande kalinder- of agindaprogramma Sunbird yn it Frysk kinst ynlade fanôf Sunbird.